Stichting dr. O. Noordmans
Verzamelde Werken Inhoud Bijbelregister Zoeken

Verzamelde Werken, deel 9B · 8. Lunteren

Weergave

912. G.A. Wumkes1 aan O. Noordmans

Huzum, 8 februari 1952

Goefreone,

Tige tank foar jins wolmienen d skriuwen nei oanlieding fan myn tinkskriften.2 It is wol sà dat hwat âlder men wurdt, hwat mear men hinget oan eigen forline. Hokker bylden ropt it net wekker, as wy ús dêryn jouwe en tinke n’e greate wolk fan tsjûgen dy’t om ús hinne lizze. Mei tankberens neame jo en ik ús bern fan it Fryske Réveil, dat sa’n swide seininge brocht oer it heitelân. Frijhwat mocht ik skriuwe oer itjinge troch de ieuwen hinne oan dizze Noarder-iggen - O Noordmans! - bard is, mar fan alles is it boek Portretten fan it Fryske Réveil3 my it leafst. De amme fan ynlike frommens strûst dêr sa oerhinne. Hoe goed stiet it my ek foar dat jins mem my heite boekerij sjen liet yn it âlderhûs to Skearnegoutum. Hwat lei it dêr doe fredich yn it gea! As ik it Register fan myn brievesamling rieplachtsje, steane der fyftjin yn fan jins hân út é jierren 1914-1935, skreaun to Skuzum, Sumar en Laren. Mei tsien tûzen oare haw ik se Fryslân tamakke, dat hja rêste nou op ’e Provinsiale Bibleteek to Ljouwert. Sont rounen ús paden útinoar, jowes mear nei it dogmatysk - oekumenysk tinken, mines nei bibeloersetting en skiednis. Geastlik bleauwen wy forboun yn it iene katholike leauwe. Loovje de Heare, ús siele!4 Groetenis fan jins broer yn Christo.

G.A. Wumkes

Vertaling:

Huizum, 8 februari 1952

Goede vriend,

Veel dank voor uw waarderend schrijven n.a.v. mijn gedenkschriften.2 Het is wel zo, dat hoe ouder men wordt, hoe meer men hangt aan eigen verleden. Welke beelden roept het niet op, als wij er ons in verdiepen, en denken aan de grote wolk van getuigen die wij rondom ons hebben. Dankbaar noemen U en ik ons kinderen van het Friese Réveil, dat zo’n rijke zegen over het ‘heitelân’ bracht. Ik mocht heel wat schrijven over hetgeen zich door de eeuwen heen aan deze noordelijke kusten - O Noordmans! - heeft afgespeeld, maar van alles is het boek It Fryske Réveil yn Portretten3 mij ’t liefst. Daar strijkt zo de adem van innige vroomheid over heen. Hoe duidelijk staat mij ook voor ogen, dat uw moeder mij de boekerij van uw vader liet zien in het ouderlijke huis te Scharnegoutum. Hoe vredig lag dat daar toen in ’t landschap! Als ik het Register van mijn brievenverzameling raadpleeg, staan daar vijftien van uw hand in uit de jaren 1914-1935, geschreven te Idsegahuizum, Suameer en Laren. Met tienduizend andere heb ik ze aan Friesland geschonken, zodat zij nu berusten in de Provinciale Bibliotheek te Leeuwarden. Sedert liepen onze wegen uiteen, de uwe meer naar het dogmatisch- oecumenisch denken, de mijne naar bijbelvertaling en geschiedenis. Geestelijk bleven wij verbonden in het éne katholieke geloof. Loof de Heer, onze ziel4 Gegroet door uw broeder in Christo,.

G.A. Wumkes.

(AN)

Noten

  1. 1

    G.A. Wumkes, zie brief nr. 259 (15.4.1910), n. 1.↩

  2. 2

    Zie brief nr. 911 (6.2.1952).↩

  3. 3

    Zie brief nr. 259 (15.4.1910).↩

  4. 4

    Vgl. Ps. 103:1.↩

Verantwoording

Deze pagina is automatisch opgebouwd uit het zetbestand van het boek; de noten zijn aan hun verwijzing gekoppeld. Dat bestand heeft geen paginanummers: een brief wordt aangehaald met zijn nummer. Zet onder Weergave de correcties aan om de herstelde en de onzekere plaatsen (⚑) in de tekst te zien. De tekst is niet met het gedrukte boek vergeleken.

← 911. O. Noordmans aan G.A. Wumkes8. Lunteren913. O. Noordmans aan M.N.W. Smit →